PKN
Protestantse gemeente Augustinusga
 

zondag 18 december 2022 om 9.30

Augustinitsjerke
Voorganger(s): Ds. P. Beintema (frysk)

As it nedich is, foar de tsjinst: Liet 440: 1,3

 

1 Wês optein no, jim frommen,

der klinkt in bliid berjocht!

De yntocht stiet op kommen

fan Him dy’t wûnders docht.

Dy’t wachtsje op de Hear,

lit no fóár alle dingen

jim lûd hosanna klinke,

in lofliet ta syn ear.

 

3 Jim dy’t yn earmoed libje,

wês soargeleas as bern;

oan de_ein fan al jim stribjen

sill’ jim syn rykdom sjen.

Dy’t blommen pronkje lit

en alle fûgels spiizget,

sil ek syn bern bewize,

dat Hy har neden wit.

 

Meidielings

 

* Ps 42: 1,7

1 Sa’t in ree, fan toarst ferlegen,

smachtet nei de wetterier,

rop ik, God, ta Jo omhegen,

hymjend as in hetsich dier.

Dat de libbene God yn de_ein

oer my kaam as koele rein!

Hoelang moat ik dit noch tôgje,

ear’t ik each yn each Him skôgje?

 

7 Hert, hoe no sa yn ’e pine,

sa ûnwennich, sa ûntdien?

Wol yn God dyn hoop wer fine,

ienris is it leed trochstien.

Riis oerein, der komt in tiid

dat ik yn syn timpel bliid

tankber sjonge mei ta eare

fan myn helper en myn Heare.

 

Stil gebed, bemoediging en groetenis

Kyriëgebed


* Liet 910: 1,2,4

1 Bytiden as wy sjonge

wurdt alles ljocht en klear,

dêr’t earder dizen hongen,

fernimme wy de Hear.

Binn’ wy it paad soms bjuster,

Hy makket alles goed,

dy’t ús nei kjeld en tsjuster

in mylde maitiid stjoert.

 

2 Yn tankberens betinke

wy ’t heimnis fan ús Hear,

Hy woe syn heil ús skinke,

ús libben nimt in kear.

Us soargen binn’ fergetten,

wy groetsje bliid de dei,

de moarn sil ús neat lette,

wat hy ek bringe mei.

 

4 Ek as gjin beam mear fruchten

ta rispjen drage soe,

de greide lei te suchtsjen,

om’t neat mear waakse woe,

dan noch soe God ús spiizgje,

syn goedens komt as rein.

k Wol dei oan dei Him priizgje

en loovje sûnder ein.

 

Gebed bij de Skriftlêzingen

 

Skriftlêzing: Psalm 34: 16-23 en Matteüs 1: 1-17

 

Psalm 34: 16-23

 

16De Heare hat in iepen each foar de rjochtfeardigen

en in iepen ear foar har roppen om help;

17mar de Heare wol fan de kweaminsken neat witte

en har oantinken roeget Er út fan de ierde.

18Dy oaren rôpen en de Heare harke,

út al har benearingen hat Er har ferlost.

19De Heare is by de brutsenen fan hert,

Hy makket frij dy’t tebrizele binne fan geast.

20De rjochtfeardige mei gâns te lijen hawwe –

altyd rêdt de Heare him derút.

21Hy beskermet syn hiele lichem,

gjin bonkje wurdt derfan brutsen.

22It kwea fan ’e ferkearde wurdt syn eigen dea

en dy’t rjochtfeardigen haatsje, moatte derfoar boetsje;

23mar de Heare ferlost it libben fan syn tsjinners;

dy’t by Him skûlje, hoege net te boetsjen.

 

Matteüs 1: 1-17

 

1Stambeam fan Jezus Kristus, soan fan David, soan fan Abraham. 2Abraham wie de heit fan Izaäk, Izaäk fan Jakob, Jakob fan Juda, en syn bruorren, 3Juda fan Peares en Searach – de mem wie Tamar – Peares fan Chesron, Chesron fan Aram, 4Aram fan Amminadab, Amminadab fan Nachson, Nachson fan Salmon, 5Salmon fan Boäz – de mem wie Rachab – Boäz fan Obed – de mem wie Ruth – Obed fan Isai, 6Isai fan David, de kening.

David wie de heit fan Salomo – de mem wie Oeria syn frou – 7Salomo fan Rechabeäm, Rechabeäm fan Abia, Abia fan Asa. 8Asa fan Josafat, Josafat fan Joaram. Joaram fan Oezzia. 9Oezzia fan Jotam, Jotam fan Achas, Achas fan Hizkia, 10Hizkia fan Manasse, Manasse fan Amos, Amos fan Josia, 11Josia fan Jekonja en syn bruorren yn ’e tiid fan ’e ballingskip yn Babylon.

12Nei de ballingskip yn Babylon waard Jekonja heit fan Sjeältiël, Sjeältiël fan Serûbbabel, 13Serûbbabel fan Abiûd, Abiûd fan Eljakim, Eljakim fan Aser, 14Aser fan Sadok, Sadok fan Achim, Achim fan Eliûd. 15Eliûd fan Eleäzar, Eleäzar fan Mattan, Mattan fan Jakob, 16Jakob fan Joazef, de man fan Maria. Sy wie de mem fan Jezus, dy’t de Kristus neamd wurdt.

17Mei-inoar binne der dus fan Abraham oant David fjirtjin generaasjes, fan David oant de ballingskip yn Babylon fjirtjin, en fan de ballingskip yn Babylon oant de Kristus ek fjirtjin.

 

* Liet 157a: 1,2

1 No sjong ik foar de Hear

it heechste liet fan ear.

Hy hat my ’t hert ferromme.

Syn tsjinstfaam, net yn tel,

seach Hy yn geunst op del:

my soe wat gruts oerkomme.

 

2 Fan no ôf, om wat Hy,

de sterke, die oan my,

sil elk my lokkich hjitte.

Geslachten foar en nei

fernimme nacht en dei:

God komt ús yn ’e mjitte.



Ferkundiging

 

* Liet 157a: 3,4

3 Syn earm slacht út it fjild

wa’t him oan macht fertilt,

Hy sil syn kroan fertrêdzje;

God makket lytsen grut

en sil, nei ’t âlde wurd,

dy’t honger hawwe sêdzje.

 

4 Hy hat it lang foarsein:

oan Israel, syn feint,

sil Hy genede skinke,

en Hy sil Abraham

en al wa’t nei him kaam

yn ivichheid betinke.


Gebeden

Ynsammeling

* Liet 444

1 It daget yn it easten.

Hy komt, it ljocht allyk.

Hy sil de folken treaste

en ivich is syn ryk.

 

2 It tsjuster is ferjage

fan de_iuwenlange nacht.

No riist in nije dage,

in moarntiid fol fan pracht.

 

3 En al wa’t finzen sitte,

bedrige troch de dea,

fan God en mins ferlitten,

begroetsje_it moarntiidsread.

 

4 De ûnbetwingbere sinne,

dy’t ús de dage brocht

en sil de nacht oerwinne,

Hy, Kristus, ’t ivich ljocht!

 

5 It daget al yn ’t easten.

Hy komt, it ljocht allyk.

Hy sil de folken treaste

en ivich is syn ryk.
 

 

 

Segen

 

terug
 
 

Inloggen

Augustinitsjerke
datum en tijdstip 21-04-2024 om 11:00
meer details

 
Blijf op de hoogte

meer
 
Besloten gedeelte




  meer
 
Classis Fryslân, gemeente zijn kun je niet in je eentje.
meer
 
Contact gegevens

Adressen en telefoonnummers
 
 
Huur de kerk of 't Gebou


     
huur de kerk 0512-352425 (overdag) 0512-352353 (s'avonds)
huur het gebouw 06-53665098 Joop de Vries, beheerder
 
Like PKN Augustinusga

 op facebook!
 
 
Privacyverklaring

  meer
 
Filmpje Tsjerkepaad

 
 
   
  Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.