PKN
Protestantse gemeente Augustinusga
 
Januari 2021 - Brief fan it Kwartettekoar Januari 2021 - Brief fan it Kwartettekoar
Brief fan it Kwartettekoar

Fûns, 31 oktober 2020

Oan tsjerkerieden en foargongers
fan de Protestantske tsjerken yn Fryslân

Achte lêzers,

Graach freegje wy Jo oandacht foar it folgjende.
Fyftjin jier lyn, yn 2005, rjochte Hindrik van der Meer it Kwartettekoar op mei it doel om de earetsjinsten yn Fryslân te ferrykjen mei eigentiids, frysktalich materiaal. It koar soe dat materiaal ynstudearje en sjongend en spyljend trochjaan oan de gemeenten. Mear as tachtich sjongers oeral út Fryslân en sels dêrbûten fielden har oanlutsen ta dy opset en it koar luts in muzikaal spoar troch Fryslân.

Ut it oparbeidzjen fan dichter Eppie Dam en komponist Hindrik van der Meer ferskynden tal fan nije wurken. De lieten út ”De keunst fan it libben” en “Minsken fan’e dei” sil mannich tsjerkegonger noch heuge. Utjouwerij Intrada joech it wurk út en it wurke ynspirearjend, want ek pleatslike tsjerkekoaren studearren it yn. Neist de mear as tsien liturgyën waarden twa musicals, Jona en Ruth útfierd.

Doe’t Hindrik van der Meer yn 2018 tachtich jier waard, joech er oan te sykjen nei in opfolger. It bestjoer woe Hindrik lykwols net mei de stille trom gean litte en kaam mei it idee him foar syn wurk te earjen mei it útjaan fan in bondel. Utjouwerij Intrada naam it idee oer en “Hertslach” ferskynde.
Yn it prachtich útfierde boekje mei as ûndertitel “Om it út te sjongen” steane net allinne 80 lieten fan Dam en Van der Meer, mar ek oare fryske dichters en komponisten binne tige fertstjintwurdige. Mei 170 lieten is der materiaal foar alle liturgyske momenten yn de earetsjinst. Einredakteur Eppie Dam soarge foar dúdlike paadwizers.

Doe’t dy earste stap dien wie, kaam it bestjoer noch mei it idee om de tsjerken dêr’t it koar al ris west hie in ôfskiedtsjinst oan te bieden ûnder Hindrik syn lieding. Fjouwer en fjirtich gemeenten réagearren op it oanbod. Sa wiene de sjongers en muzikanten tusken 27 maaie 2018 en 8 maart 2020 op fjouwer en fjirtich sneintemoarnen om acht oere yn ien fan dy tsjerken al dwaande mei de tarieding op in tema-tsjinst.
Hindrik woe by syn ôfskied as tank foar harren grutte ynset oan de sjongers en muzikanten graach in klinkend oantinken jaan oan in prachtige tiid. Yn febrewaris fan dit jier binne dêrom noch in tritich lieten op cd set dy’t wikseljend ek songen waarden tidens de toernee.

De lêste tsjerketsjinst fan de toernee wie op 8 maart de moarns yn in grôtfolle tsjerke yn Winsum. Doe koe der noch omraak songen wurde! De middeis by it offisjele ôfskied koe Hindrik sjongers en muzikanten de cd mei nei hûs jaan. De sneins dêrnei koe der fanwegen it firus net mear songen wurde.

Fan in tal foargongers krigen wy no troch dat de cd yn dizze corona-tiid hiel goed meihelpe kin om it sjongen yn tsjerke geande te hâlden. De tekst kin op de beamer of op de liturgy setten wurde, wylst it sjongen fan it Kwartettekoar klinkt.
Dat wie foar ús de oantrún om de cd mei tekstboekje ek offisjeel tsjin kostpriis beskikber te stellen. De priis is 10 euro ynklusyf porto. Wy hoopje tige dat Jo der gebrûk fan meitsje sille.

Mei freonlik groetnis, it cd komité fan it Kwartettekoar,
Lineke Bakker, Frieda Ligthart, Hieke Wierda, Wiebe Wierda, Hindrik van der Meer.

De cd kinne jo fia it folgjende e-mail adres bestelle:
wijbewierda@gmail.com Wiebe Wierda, Hoofdweg 9,  9112 HG Burdaard
Nei de bestelling krije Jo it skyfke tastjoerd mei it It rekkennûmer foar de betelling.



 
terug
 
 
 

Inloggen

Augustinitsjerke
datum en tijdstip 28-04-2024 om 09:30

Liturgie op zondag 28 april 2024

te Stynsgea

 

 

Voor de dienst: Psalm 72: 1, 4 Geef, Heer, de koning uw rechten

* Psalm 136: 1, 9, 12 Loof de Heer, want Hij is goed

Stil gebed, bemoediging en groet

Klein Gloria

Kyriëgebed

* Lied 283 In de veelheid van geluiden

Gebed bij de Schriftlezingen

Schriftlezing: Psalm 72: 12-19 NBV

* Psalm 89: 8, 17

8 Jo binne,_o Hear, ús krêft, Jo hâlde ús oerein,

Jo meitsje_ús namme grut mei skjintme sûnder ein.

Wy meie troch jo geunst de kroan fan eare drage.

Jo hawwe ús ferhege nei jo wolbehagen.

Jo binne ús in skyld tsjin alle kweade machten

en hawwe ús de kening jûn op wa’t wy wachten.

 

17 Hear, lit ús net fergean, mar hâld ús by de hân

en bring ús wer werom nei ’t lang ferlerne lân.

Betink jo eed oan David, kom, o Hear, fan fierren.

Wêr is jo geunst, o God, út lang ferfleine jierren?

Jo hawwe_ús ’t libben jûn; as we_yn ’e dea fersinke,

wa rêdt ús dan fan ’t grêf en wa sil om ús tinke?

 

Schriftlezing: Handelingen 12: 1-5 en 18-24

*Lied 1009 O lieve Heer, geef vrede

Verkondiging

* Lied 995 O Vader, trek het lot U aan

Gebeden

Collecte

* Lied 422 Laat de woorden die we hoorden

Heenzending en zegen

 

meer details

 
Blijf op de hoogte

meer
 
Besloten gedeelte




  meer
 
Classis Fryslân, gemeente zijn kun je niet in je eentje.
meer
 
Contact gegevens

Adressen en telefoonnummers
 
 
Huur de kerk of 't Gebou


     
huur de kerk 0512-352425 (overdag) 0512-352353 (s'avonds)
huur het gebouw 06-53665098 Joop de Vries, beheerder
 
Like PKN Augustinusga

 op facebook!
 
 
Privacyverklaring

  meer
 
Filmpje Tsjerkepaad

 
 
   
  Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.