PKN
Protestantse gemeente Augustinusga
 

zondag 20 maart 2022 om 9.30

Augustinitsjerke
Voorganger(s): Ds. P.Beintema
Organist: Marianna

Liturgy op 20 maart 2022

Yn Stynsgea

 

Foar de tsjist: Liet 536

 

1 Wat yn ’e skriften oer ús opskreaun is

sill’ Jo folbringe dizze fjirtich dagen,

de tsien geboaden en de fjirtich slaggen,

dit hiele libben dat gjin libben is.

 

2 Gods skepping dy’t gjin minske_ûntslute koe

ûntslute Jo, Jo iepenje ús eagen.

O Davids soan, dat Jo ús swakkens seagen,

fan ’t ynlik fjoer bleau inkeld jiske oer.

 

3 Jezus, de flam fan jo oanwêzichheid

sil yn ús hert in freugdefjoer ûntstekke.

Jo wiene_ús nei, Jo sille_ús net ûntbrekke,

Jo, hegepryster yn der ivichheid.

 

4 Jo ûnderhâlde_it fjoer fan ús bestean,

fan Jo ha wy it libbensbrea ûntfongen.

Us is in lofliet jûn om bliid te sjongen,

Jo woll’ foar ús de wei fan ’t offer gean.

 

Wurd fan wolkom

 

* Psalm 111: 1, 5

1 Ik sjong myn bliid halleluja

mei hert en siel de Heare ta,

ik kom om Him de lof te wijen;

mei syn gemeente wol ik gean,

dêr mei ik yn ’t fermidden stean

om al Gods dieden te fernijen.

 

Stil gebed, bemoediging en groetenis

Blommeskikking

* Psalm 111: 5

5 Al wat de Hear ûnthjit stiet fêst,

dat jout ús libben romte_en rêst,

de Hear te tsjinjen, dat is sillich.

Hy hat syn folk de frijheid jûn,

foar ivich sleat Er syn ferbûn:

de namme fan de Hear is hillich.

 

Kyriëgebed

liet 518: 4

4 Jo freonlike_eagen sjogge my,

jo leaflike_antlit is neiby,

fan freugde wol ik sjonge.

Jo, Jezus, binne trou en goed,

jo wurd en geast, jo fleis en bloed,

haw ik as krêft ûntfongen.

Lied my,

lit my

o, getrouwe,

altyd bouwe_op

jo ûntferming.

Hoeder nim my yn ’e earmen.

 

Gebed bij de Skriftlêzingen

 

Skriftlêzing: Psalm 56

Foar de dirigint. Op: In do yn fiere terebinten. Fan David. In gouden liet, doe’t de Filistinen him yn Gat fêsthâlden.

2Wês my genedich, o God, want de minsken sitte my achternei;

myn bestriders driuwe my de hiele dei yn it near.

3Myn benearders sitte my de hiele dei achternei,

want dy’t my bestride binne machtich yn tal.

4De deis dat ik bang wurd

betrou ik op Jo.

5Op God, waans wurd ik priizje,

op God betrou ik sûnder freze.

Wat soe in minske my dwaan?

6De hiele dei jouwe se my bittere wurden yn ’e mûle,

betinke se kwea tsjin my.

7Mei kweade bedoelings beloere se my,

en geane al myn stappen nei:

sa hawwe hja it op myn libben fersjoen.

8Lit se har ûnheil temjitte rinne,

ferdylgje yn jo grime de folken, o God.

9Myn omdoarmjen hawwe jo optekene,

myn triennen opheind yn jo krûk,

– stiet it net by Jo te boek?

10Aanst moatte myn fijannen tebek,

sa gau as ik rop.

Dêr sil ik oan witte

dat God it mei my hâldt.

11Op God, waans wurd ik priizje,

op ’e Heare, waans wurd ik priizje,

12op God betrou ik sûnder freze;

wat soe in minske my dwaan?

13Ik haw Jo beloften dien, o God,

ik betelje Jo myn lofoffers.

14Want Jo hawwe myn libben foar de dea weiskuord

en myn fuotten hoede foar fallen,

dat ik foar Gods antlit

myn paad gean mei yn it libbensljocht.

 

* Psalm 56: 1,3

1 Sparje myn libben, Hear, doch my net wei!

De fijân sit my hieltyd achternei,

kweafolk besingelet my dei oan dei,

sjoch hoe’t se my benauwe.

En dochs, ik wit dat Jo de rêst my jouwe.

’k Mei yn ’e need op Gods beloften bouwe,

Him priizgje_en sûnder frees op Him betrouwe.

Wa komt my dan tenei?

 

3 In balling bin ik, oeral jage_en dreaun,

gjin leed of lêst is my besparre bleaun;

mar al myn triennen stean by Jo beskreaun

en as Jo antwurd jouwe,

dan skrilje hja tebek dy’t my benauwe.

’k Mei yn ’e need op Gods beloften bouwe,

Him priizgje_en sûnder frees op Him betrouwe:

Hy is myn help en freon.

 

Skriftlêzing: Lucas 13: 1-9

Om dyselde tiid wienen der guon dy’t Him fertelden fan de Galileeërs dy’t Pilatus deaslaan litten hie. Har bloed wie troch dat fan har offerfee hinne rûn.

2Harren joech Jezus ta beskie: Miene jimme dat dy Galileeërs slimmer sûnders west hawwe as alle oaren, omdat harren dit oerkommen is? 3Ut noch yn net, sis Ik jimme, mar as jimme jimsels net feroarje, sille jim allegear krektsa omkomme.

4Of tinke jimme dat dy achttjin man dy’t ûnder de toer yn Siloäm telâne kamen en ferûngelokken, mear skuldich wienen as alle oare minsken dy’t yn Jeruzalem wenje? 5Nee, sis Ik jimme, mar as jimme jimsels net feroarje, sille jim allegear krektsa omkomme.

 

6Hy fertelde harren dizze gelikenis: Der wie ris in man, dy hie in figebeam yn syn wyngerd stean. Doe’t er kaam om der figen ôf te heljen, fûn er gjint. 7Hy sei doe tsjin de hofker: Sjoch, al trije jier kom ik hjir om figen fan dy beam te heljen en ik fyn gjint. Hou him mar om. Wêrfoar soe er langer alle deugd út ’e grûn helje?

8De hofker antwurde: Hear, lit him dit jier noch stean. Dan sil ik der earst noch ris omhinne grave en him dong jaan. 9As er dan frucht jout, yn oarder! Mar sa net, hou him dan mar om!

 

* liet 837: 1,4

1 Master, de minsken, jong en âld,

komme út stegen en strjitten.

Sjoch, dy’t Jo sykje_oer hiel de wrâld,

geane Jo skruten temjitte.

Al ken men faak jo wegen net,

Jo sille_ús fine, ier of let,

as wy it paad net mear witte.

 

4 Kening, jo ryk is sa tichtby –

lit my it sjen en werkenne!

Unrêstich is it hert yn my,

mar ienris wurdt it nij berne.

Jo leafde siket elkenien.

Fyn, Hoeder, my, al sykjend gien,

dan mei ’k ta Jo my bewenne.

 

Ferkundiging

* liet 835

1

Jezus, gean ús foar

en wiis ús it spoar.

Wy sill’ net ferdwale kinne

om’t wy altyd by Jo binne.

Bring ús oan jo hân

yn it Heitelân.

2

Falt de reis ús lang,

binn’ wy lyts en bang,

jou ús krêft om alle dagen

achter Jo ús krús te dragen.

Nei it krús de kroan,

nei de nacht de moarn.

3

Suchtet hjir ús hert

ûnder eigen smert;

of ha wy om oaren pine,

lit ús dan de treast wer fine:

yn jo hoed en noed

komt it ienkear goed.

4

Yn ’e woestenij,

Hear, bliuw ús neiby,

wol ús treaste, wol ús seingje

oant ús wegen ienkear einigje.

Is de reis folbrocht,

draach ús yn jo ljocht.
 

Gebeden

* liet 422: 1,3

1 Lit de wurden,

al jo wurden,

reitsje ús yn ’t moed,

dat wy fruchten drage,

no en alle dagen

en dan komt it goed.

 

3 Lit ús hoopje,

bidde_en hoopje,

dat de leafde wint

en dêr dan by bliuwe,

libje út it leauwe

dat Gods ryk begjint.

 

Segen

terug
 
 

Inloggen

Tsjerkegebouw
datum en tijdstip 01-12-2024 om 11.00
meer details

 
Blijf op de hoogte

meer
 
Besloten gedeelte




  meer
 
Classis Fryslân, gemeente zijn kun je niet in je eentje.
meer
 
Contact gegevens

Adressen en telefoonnummers
 
 
Huur de kerk of 't Gebou


     
huur de kerk 0512-352425 (overdag) 0512-352353 (s'avonds)
huur het gebouw 06-53665098 Joop de Vries, beheerder
 
Like PKN Augustinusga

 op facebook!
 
 
Privacyverklaring

  meer
 
Filmpje Tsjerkepaad

 
 
   
  Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.