zondag 16 juli 2023
om 9.30
Augustinitsjerke
Voorganger(s): It Kwartettenkoor
Liturgy “Reisgenoaten”.
Gemeentesang
Liet foar de tsjinst: Lieteboek 806: Samar te gean mei in stok yn `e hân
Wurd fan wolkom. (âlderling fan tsjinst)
Begjintekst as bemoediging en groet: side 535 fan it Lieteboek. (lektor)
Sa’t it ljocht ús alle moarnen op ‘e nij ferskynt,
ús wekker makket en waarmet mei syn strielen,
meitsje Jo, God mij ek sa wekker!
Sa’t de sinne gjin dei ús yn it tsjuster lit,
lit sa foar mij jo trou wer daagje.
Nim foar mij wei wêr’t ik oer yn noed sit,
wat mij benearet, en set mij wer op ‘e skonken;
net mismoedich, net telider slein,
mar rjocht oerein, de holle omheech
nei Jo, myn Sinne, myn dei, myn ljocht!
KK
Hertslach 42 Yn dit hûs mei hannen boud- (4-st)
Gemeentesang:
Yntochtsliet: 221 Lieteboek: Sa freonlik en sa feilich as it ljocht,
Gebet. (Lieteboek side 523) - lektor
Goed is de hân dy’t ús liedt
út it tsjuster fan de nacht,
nei it ljocht fan de dei.
Goed binne Jo, God, ûnsisber goed.
Seinigje dizze dei en al ús dagen ûnderweis nei Jo.
Gedicht:
Ûnderweis - troch Andries Goovaart, oerset yn it Frysk (AnnaMarike)
Wij binne minsken fan ûnderweis
fan ja en nee
fan kommen en gean
fan betinken en hifkjen
fan fallen en stean
fan lûdop sizze
en swijend ferstean
fan stjerren en libjen
Wy sykje treast foar âld sear
foar leechtes dy't yn ús húsmanje
foar wûnen dy't noch net hielje wolle
Wij sykje in boarne
om in hûs bij te bouwen
om ús toarst te dwêsten
om bij út te rêsten
Wij sykje in hân
dy't ús hjir draacht
in liet dat frij makket
in stim dy't moed jout
Jo binne dy stim, it liet
de hân, de treast, de boarne dy't streamt
wêrtroch wij mei elkoar ûnderweis binne
en fierder doare te gean
KK:
Hertslach 22 Reizgje mei ús(4-st)
Lêze:
Genesis 12:1-9 de ropping fan Abraham - lektor
KK:
Hertslach 128 Hieltyd âlde wurden
Gemeentesang:
805 Lieteboek ‘Abraham, Abraham, ferlit dyn lân, ferlit dyn stam‘
KK:
Tsjoch út dyn lân
Ferhaal
Skreaun en lêzen troch Anna Marike
Gemeentesang:
419 Lieteboek: ‘Oeral wenje, gjin eigen plak‘
Sjonge en lêze: liet 11 út Hertslach.
KK: Fers 1 en 5 sjonge,
Jissy: fers 2,3,4 lêze.
1. (sjonge)
Mei de macht fan frije minsken, mei de hope yn it hert,
hawwe wij de earste stappen ûnderweis nei frede set.
Opstrûpt hawwe wij de mouwen, foar in hantaast wurk net bang.
Wittend wêr’t wij-ús yn bejouwe: ‘t doel is fier, de reis wurdt lang.
2. (lêze)
Yn de rin fan fjirtich dagen reitsje wij de dreamen kwyt.
Yn ús eagen tûzend fragen, wanhoop, twifel en ferwyt.
Wêr bin wij hjir yn bedarre: ierde smoarch en wetter soer.
Hie ús mar de reis besparre. dizze frijheid is te djoer.
3. (lêze)
Ha ús bêrn op dizze ierde noch wol romte fan bestean,
en wa’t net sa hurd mear kinne moat dy mar allinnich gean.
Is dit wol de wei nei libben rint ús paad hjir aanst net dea?
Wurgens krûpt ús mei de jierren ticht en swierder op ‘e lea.
4. (lêze)
“Ha jim ien dei fierder moatten sûnder dat Ik bij jim wie?
Bin jim no al wer fergetten wat Ik foar myn minske die?
Wa’t it kweade mei jim foarhie waard ferliezer yn de striid.
Brea en wetter ha jim krigen elke syn diel en op ‘e tiid.
5. (sjonge)
As jim roppe, sil Ik harkje, tsien kear sil Ik antwurd jaan.
Wa’t Mij hearre wol sil witte wat syn hân fynt om te dwaan.
As in lampe yn it tsjuster is myn wurd, in helder ljocht.
Alle romte ha jim krigen om te kiezen foar it rjocht”.
KK Ljochtglâns yn ús eagen (4-st)
Gebet
Foar de wrâld ûnderweis (AnnaMarike)
ôfslùtend KK mei gemeente ‘God fan fier en hein‘ 4-st (koeplet 2 en 4 allinne troch KK)
KK
Hertslach 160 De goede ierde
Kollekte (immen fan de tsjerkeried)
Gemeentesang slotliet:
802 Lieteboek: ‘Oer de wrâld klinkt lûd in rop‘
Seine: ( side 1317 út it lieteboek) – lektor en gemeente
Yn ús hert en yn ús hûs, DE SEINE FAN GOD.
Yn ús kommen en ús gean, DE FREDE FAN GOD.
Yn ús libben, op ús syktocht, DE LEAFDE FAN GOD.
By de ein, nij begjin,
DE EARMEN FAN GOD OM ÚS TE ÛNTFANGEN,
THÚS TE BRINGEN
AMEN.
KK - Ierske Seine: Dat it paad op dy takomt
|