zondag 7 januari 2024
om 09:30
Tsjerkegebou
Voorganger(s): Ds. P. Beintema Dokkum fryske tsjinst
Foar de tsjinst: liet 867
1 Sjong, ierde_en al wat libbet, ta de ear
fan God de Hear!
De himel heech en ljocht
wurdt rom en eare brocht,
rûnom oer de_ierde giet
ta lof fan God in liet.
Sjong, ierde_en al wat libbet, ta de ear
fan God de Hear!
2 Sjong, ierde_en al wat libbet, ta de ear
fan God de Hear!
Sjong, tsjerke, bliid fan sin
dat elk it hearre kin,
mar ’t ynlikst liet begjint
yn ’t hert dat Him bemint.
Sjong, ierde_en al wat libbet, ta de ear
fan God de Hear!
Wolkom en Meidielings
* Ps. 24: 1,5
1 De hiele ierde_is fan de Hear,
de wrâld yn al syn hear en fear,
mei dy’t hjir wenje allegearre.
Hy joech har plak mei eigen hân;
út wetter riisde berch en lân,
doe’t Hy har op ’e see fûndearre.
5 Til, poarten, heech jim bôgen op!
Oerâlde doarren, hear de rop:
Dêr komt de kening heech yn eare!
Wa is dy foarst fan sterkte_en pracht,
de God fan himels legermacht?
Dy sterke kening is de Heare!
Stil gebed, bemoediging en groetenis
Lêze: Hertslach, Liet 10
Kyriëgebed
Liet 511: 1,2,5,6,7
1 Troch goede machten trou en stil behoede
fiel ik my treaste, wûnderlik en blier,
sa wol ik graach mei jim, myn leafsten, moedich
gean oer de drompel fan it nije jier.
2 Wol al it âlde noch ús hert ferniele,
en komt fertriet ek hjoed noch op ús ta,
o Hear, jou oan ús rêsteleaze sielen
it heil dat Jo foar ús ornearre ha.
5 Lit no de kearsen waarm en helder skine,
troch Jo ús jûn tsjin alle tsjustere macht,
jou, as it kin, dat wy inoar wer fine.
Wy witte ’t wol, jo ljocht skynt yn ’e nacht.
6 En falt de djippe stilte om ús hinne,
fan iensumheid en hopeleas fertriet,
wol ús dan jaan dat we_oeral hearre kinne
it lofliet dat rûnom oer de_ierde giet.
7 Troch goede machten trou en stil behoede,
is dit ús treast, wat moarn ek komme mei,
Gods hân sil ier en let ús gongen stjoere,
want Hy is mei ús elke nije dei.
Gebed bij de Skriftlêzingen
Skriftlêzing: Psalm 24 (De geweldige kening)
1 In Davidspsalm.
Fan de Heare is de ierde mei al wat derop is,
de wrâld en dy’t har bewenje.
2 Want Hysels hat har op ’e seeën grûndearre
en op ’e wetterstreamen oerein set.
3 Wa mei de berch fan de Heare opgean?
Wa mei stean op it stee fan syn hillichdom?
4 Dy’t skjinne hannen hat en in suver hert,
dy’t syn sinnen net set op dingen-fan-neat
en dy’t gjin eed docht mei bedragerij,
5 dy wint segen fan de Heare
en rjocht by de God dy’t him útrêdt.
6 Dat binne minsken dy’t nei Him freegje,
dy’t jo geunst sykje, God fan Jakob.
7 Poarten, til jimme bôgen op,
oerâlde tagongen, riis omheech,
dan kin de geweldige Kening yngean!
8 Wa is dy geweldige Kening?
De Heare, sterk en manmoedich,
de Heare, manmoedich yn ’e striid.
9 Poarten, til jimme bôgen op,
oerâlde tagongen, riis omheech,
dan kin de geweldige Kening yngean!
10 Wa is dy geweldige Kening?
De Heare Almachtich,
dat is de geweldige Kening.
* Liet 90a
1 O God, ús foarteam droegen Jo
yn nacht en stoarmgebrûs,
bewiis ek ús jo macht en trou,
wês ivich ús tehûs.
2 De hilligen tichtby jo troan
wien’ feilich yn jo skaad,
sa fiele wy jo hoede_aloan
en stean wy hún en haat.
3 Ear’t Jo de wrâld en ’t himelwiid
ta wêzen roppen ha,
foel alle macht oer romte_en tiid
fan ivichheid Jo ta.
4 En tûzen jier binne_as de dei
fan juster yn jo each,
ús oeren gean en wurde wei,
as ’t libben yn in fleach.
5 De tiid nimt alle minsken mei,
it is in stadige stream;
sy gean de blommen efternei,
ferfleane as in dream.
6 O God, ús foarteam droegen Jo
yn iuwen fol gebrûs,
wês ús in liedsman hjir en no
en ivich ús tehûs.
Ferkundiging
* liet 146a: 1,7
1 Kom, lit ús optein sjonge
in bliid en fleurich liet,
foar Him dy’t al ús gongen
bestjoert mei wize ried.
Ik sjong myn God en Heare
in lofsang ta fan de_ierd’.
’k Wol Him fan herten earje
dy’t altyd mei my giet.
7 Hoe soe ik, lyts en himpen,
myn God de eare jaan?
Hy yn syn hege timpel,
ik yn myn ierdske dwaan.
Mar Jo wolle_oan my tinke,
myn Heare_en myn behâld,
dêrom lit ik wjerklinke
jo lof oer hiel de wrâld.
Gebeden
Ynsammeling
* liet 435: 1,3
1 Jim, poarten, jou no paad en romt’.
Wa is it dy’t de stêd yn komt?
In kening fol fan majesteit,
in Heilân fol barmhertichheid.
Hy bringt ús heil en libben oan;
sjong bliid en doch Him earbetoan.
Lof Him, ús God en Hear,
myn Skepper, grut yn ear.
3 Loksillich is de stêd, de grûn,
dêr’t dizze kening tagong fûn;
loksillich ’t hert dat iepenstiet
en dizze kening yngong biedt.
Hy is it ljocht, de blide dei.
Doch wei, wat Him noch keare mei.
Lof Him, ús God en Hear,
myn Treaster fan alear.
Segen
|