zondag 8 september 2024
om 9.30
Augustinitsjerke
Voorganger(s): Ds. P.Beintema frysk
Foarôf Liet 836: 1, 2, 4
1 O goede God en trouwe Heit,
ferjou ús alle skuld.
Wiis ús de wei nei sillichheid,
jou ús in hert dat iepenleit
foar leafde en geduld,
foar leafde en geduld.
2 Jou, Hear, dat elk jo rop ferstiet
as by de mar, lang lyn,
him troch jo wurden nûgje lit
en fol fertrouwen mei Jo giet
in wisse takomst yn,
in wisse takomst yn.
4 Lis, Hear, jo stille dau fan rêst
oer al ús tsjusternis.
Nim fan ús wei de eangst en lêst
en lit ús sjen hoe wûnderbêst,
hoe moai jo frede is,
hoe moai jo frede is.
4 Wol jo wil en wei my leare,
’k sil dan ta jo trou my keare.
Jou myn hert ien hertstocht no:
leafde_yn djip ûntsach foar Jo.
Hear myn God, ik moat Jo tankje,
yn myn liet jo lof ferklankje,
’t ynlikst fan myn wêzen seit
Jo de lof yn ivichheid.
5 Grut binn’ Jo, o God, allinne,
oeral binn’ Jo om my hinne,
Jo, in God dy’t dieden docht
sa’t men nea noch nearne sjocht.
Yn ’e djipte wie ik sonken,
mar Jo ha my rêding skonken:
út it deadsryk fier omleech
hellen Jo jo freon omheech.
- Stil gebed, bemoediging en groet
U heb ik nodig, uw genade is
mijn enig licht in nacht en duisternis.
Wie anders zal mijn leidsman zijn dan Gij?
In nacht en ontij, Heer, blijf mij nabij.
- Glorialiet Liet 713: 1,2,3
1 Godlof wy moatte sjonge,
halleluja,
om ’t goede dat we_ûntfongen
halleluja.
Wy binn’ hjirhinne twongen
troch dy’t ús meifierd ha,
mar Jo ha seine skonken,
halleluja!
2 Hy jout de libbensamme,
Hy skinkt de libbensgeast.
Wy binne net beskamme,
Hy wie yn skande_ús treast.
Wa’t bouwe op syn namme,
Him freezje ’t aldermeast,
hâldt Hy yn leafde_omklamme,
de minsten aldermeast.
3 Al is jo folk ferwûne
kyriëleïson,
yn ’t lân fan fjoer en ûne,
yn ’t lân fan Babylon,
al bliuwt de himel boppe
foar minsken dôf en stom,
wy sjonge en wy roppe
jo lof by fluit en trom.
- 1ste Skriftlêzing: Genesis 28: 10-22
10Jakob dan reizge ôf fan Beër-Sjêba en gong nei Charan. 11Hy kaam op in plak dêr’t er de nacht oerbliuwe woe, want de sinne wie al ûndergien. Hy naam ien fan ’e stiennen dêr en brûkte dy foar holkjessen. Doe joech er him dêr del. 12Hy krige in dream: Der wie in ljedder delset op ’e ierde en de boppe-ein kaam oan ’e himel ta en sjoch, Gods ingelen gongen derby op en del. 13En sjedêr: de Heare stie boppe-oan en sei: Ik bin de Heare, de God fan dyn pake Abraham en de God fan Izaäk. It lân dêrst op leist, dat sil Ik dij en dyn neigeslacht jaan. 14Dyn neigeslacht sil wurde as it stof fan ’e ierde en do silst dy útwreidzje nei it westen, it easten, it noarden en it suden en yn dij en dyn neigeslacht sille alle famyljes fan de ierdboaiem segene wurde. 15Ik bin ommers by dy en Ik sil dy bewarje oeral dêrst mar hinnegiest en Ik sil dy nei dizze grûn werombringe. Ik sil dy net ferlitte oant Ik dien haw, wat Ik dy ûnthjitten haw.
16Doe’t Jakob wekker waard út ’e sliep, sei er: Wier, de Heare is op dit plak en ik wist der neat fan. 17En hy waard bang en sei: Wat is dit in skriklik plak. Dit is oars net as in hûs fan God. Dit is de poarte fan ’e himel.
18Doe’t Jakob de moarns betiid oereinkaam, naam er de stien dy’t er as holkjessen brûkt hie en sette dy rjocht oerein en geat dêr oalje boppe op. 19En hy neamde dat plak Bet-El. Foartiids lykwols hiet dy stêd Lûz. 20Jakob die ek in gelofte. Hy sei: As God mei my is en my bewarret op ’e reis dy’t ik ûndernim, as Hy my brea jout om te iten en klean om oan te dwaan, 21en ik kom goed en wol yn myn heite hûs werom, dan sil de Heare myn God wêze. 22En dizze stien, dy’t ik as in wijstien rjocht oerein set haw, sil in hûs fan God wêze. Fan alles dat Jo my jouwe, sil ik Jo in tsiende part ôfstean.
3 Yn syn trou sil Hy ús sparje,
Hy slacht op ús swakkens acht.
Altyd sil Er ús bewarje
tsjin de kweade en syn macht.
Wol jim Heilân lof tasjonge
dy’t it ljocht is yn de nacht.
4 Wy binne_as de simmerblommen,
komt de wyn dan is it dien,
mar wylst minsken gean en komme
is Gods gloarje noait fergien.
Wol de Heare lof tasjonge,
ivich sil syn ryk bestean.
- 2e Skriftlêzing: Markus 8: 22-26
22Se kamen yn Betsaïda. Doe’t se in bline man by Him brochten en fregen, oft Er him oanreitsje woe, 23krige Er de bline by de hân, brocht him bûten de buorren, spuide him op ’e eagen, lei him de hannen op en die him de fraach: Sjochst al wat? 24De man seach op en sei: Ik sjoch de minsken, ik sjoch se as beammen omrinnen. 25Jezus lei him nochris de hannen op ’e eagen, en doe seach er dúdlik; hy wie wer better en koe alles fan fierôf sjen. 26Jezus liet him nei hûs ta gean, mar sei: Net de buorren yn!
1 Hy dy’t de blinen ’t ljocht wer joech
en kleur en fleur brocht yn har wêzen,
is sels it ljocht dat romte jout:
ús libbensljocht, de Soan fan God.
2 Hy dy’t de lammen rinne liet,
de krêft weromjoech oan har libben,
is sels de wei nei ’t wiere lok:
ús libbenspaad, de Soan fan God.
3 Hy dy’t de earmen iten joech,
oerdiedich har it hert ferwaarme,
is sels it brea, Hy sêdet ús:
ús libbensbrea, de Soan fan God.
4 Hy dy’t de dôven hearre liet
en wurden wer fersteanber makke,
is sels it wurd dat wierheid sprekt:
it libbenswurd, de Soan fan God.
1 Hear, bliuw my nei by ’t fallen fan ’e jûn,
it lêste ljocht is oer de kimen rûn.
Ik haw gjin help en alle treast wurdt wei,
wês Jo myn helper, Hear, o bliuw my nei.
2 Wês by my no’t de sinne ûndergiet.
Alles wurdt dôf wat gloede_en glâns besiet;
en meidertiid wurdt al wat moed joech wei,
mar Jo binne_ivich Hear, o bliuw my nei.
3 Gjin oere kin ik bûten Jo bestean,
sûnder jo leafde moat ik ûndergean.
Wêr fyn ik hâld en wa wiist my de wei?
By nacht en ûntiid, Hear, o bliuw my nei.
4 Gjin fijân freezje_ik as jo hân my liedt;
Jo sill’ my stypje_yn sykte en fertriet.
Al soe de dea my moetsje op myn wei,
ik sil oerwinne, want Jo bliuw’ my nei.
5 Hâld foar myn each jo ljocht en blinkend krús,
skyn troch myn tsjuster, rop my by Jo thús.
Hast komt de moarn, de skaden falle wei.
Yn dea en libben, Hear, o bliuw my nei.
1 Sit no mar net yn noed,
al giet de stoarm tekear.
Lis mar gewoan dyn hân
stil yn dy fan de Hear.
2 Sit no mar net yn noed
oer wat der komme mei.
God soarget goed foar dy,
Hy draacht dy dei oan dei.
3 Sit no mar net yn noed
al komt de tsjustere nacht.
Jou dy mar rêstich del.
God hâldt oer dy de wacht.
Segen
|