zondag 5 januari 2025
om 9.30
Tsjerkegebouw
Voorganger(s): P.Beintema frysk
Tekst(en): Frysk
Foar de tsjinst: Liet 482: 1,3
1 Oer har dy’t doarmje yn it tsjuster
is strieljend in grut ljocht opgien.
Fergetten is de dei fan juster
doe’t neare nacht har wente wie.
God hat syn folk alhiel ferblide,
elk libbet op, de freugde_is grut,
net oars as yn ’e gouden tiden
wannear’t by ’t simmer rispe wurdt.
3 In bern fan hoop is foar ús berne
dat foar it libben ynstean doarst.
Hy lit as Sterke God him kenne,
as Riedsman, Heit en Fredefoarst!
Syn sizzenskip sil machtich wêze
oer ’t ryk fan frede sûnder ein.
Hy wol syn folk mei rjocht genêze,
yn leafde noait oan bannen lein.
* psalm 90:1
1 Jo hawwe,_o Hear, yn lang ferfleine dagen
in hinnekommen west foar staach nei stagen.
Geslachten libje, bloeie en ferdwine:
hja mochten jo ûntferming ûnderfine.
Wy bouwe fierder op ’e geve grûn
fan jo beloften en jo trouferbûn.
Stil gebed, bemoediging en groetenis
* Liet 511:1,2,3,4
1 Troch goede machten trou en stil behoede
fiel ik my treaste, wûnderlik en blier,
sa wol ik graach mei jim, myn leafsten, moedich
gean oer de drompel fan it nije jier.
2 Wol al it âlde noch ús hert ferniele,
en komt fertriet ek hjoed noch op ús ta,
o Hear, jou oan ús rêsteleaze sielen
it heil dat Jo foar ús ornearre ha.
3 En woll’ Jo ús de bittere beker skinke,
mei leed en lijen oant de râne fol,
dan nimme wy him tankber oan en tinke
oan wa’t Jo binne, goed en leafdefol.
4 Mar woll’ Jo ús noch ienkear freugde skinke
om dizze wrâld, it sinneljocht ús jûn,
dan sille wy wat eartiids wie oertinke,
dan hawwe wy by Jo ús eindoel fûn.
Gebed bij de Skriftlêzingen
Skriftlêzing: Psalm 90
1In gebed fan Mozes, de Godsman.
Hear, Jo hawwe ús in taflecht west
it iene geslacht nei it oare.
2Foardat de bergen berne wienen,
ierde en wrâld ta wêzen kamen,
ja, fan ivichheid oant ivichheid binne Jo God.
3Jo litte de minske wer ta stof keare
en Jo sizze: Wurd wer stof, minskebern.
4Want tûzen jier is foar Jo
as de dei, dy’t juster foarbygong,
as in wachtersskoft yn ’e nacht.
5Jo nimme de minsken wei as flarden sliep yn ’e moarn,
as gers dat mar amper opkomt.
6Yn ’e moarntiid komt it op en it waakst,
de jûns is it wilich en fertoarke.
7Want wy fergeane troch jo grime,
wurde opjage troch jo lilkens.
8Us sûnden sette Jo foar Jo del,
wat wy beside hâlden, komt dan yn it ljocht fan jo antlit.
9O, al ús dagen binne foarbygien ûnder jo grime,
ús jierren binne weiwurden as in sucht.
10It tal fan ús jierren komt op santich jier
of op syn bêst op in tachtich;
it treflikste dêrfan is pine en fertriet,
it giet hurd en wy fleane nei de ein.
11Wa ken it geweld fan jo grime
en wa hat ûntsach genôch foar jo lilkens?
12Lear ús sa de dagen te tellen,
dat wy in wiis hert krije.
13Kom werom, Heare! Hoelang noch?
Haw begrutsjen mei jo tsjinners.
14Jou ús yn ’e moarntyd jo geunst mei folle hân,
dan kinne wy jubelje en al ús libbensdagen bliid wêze.
15Meitsje ús likefolle dagen bliid
as Jo ús ûnder druk set hawwe,
al dy jierren dat wy it ûnheil seagen.
16Meitsje jo tsjinners jo wurk bekend
en oan har bern jo hearlikheid.
17Mei sa de geunst fan de Hear, ús God, oer ús wêze
en lit Jo it wurk fan ús hannen wol bedije.
* Liet 90A: 1,4,5,6
1 O God, ús foarteam droegen Jo
yn nacht en stoarmgebrûs,
bewiis ek ús jo macht en trou,
wês ivich ús tehûs.
4 En tûzen jier binne_as de dei
fan juster yn jo each,
ús oeren gean en wurde wei,
as ’t libben yn in fleach.
5 De tiid nimt alle minsken mei,
it is in stadige stream;
sy gean de blommen efternei,
ferfleane as in dream.
6 O God, ús foarteam droegen Jo
yn iuwen fol gebrûs,
wês ús in liedsman hjir en no
en ivich ús tehûs.
Skriftlêzing: Iepenbiering 21: 1-7
1Doe seach ik in nije himel en in nije ierde: want de earste himel en de earste ierde wienen foarby, en de see wie der net mear. 2En ik seach de hillige stêd, it nij Jeruzalem delkommen út ’e himel, by God wei, tarist as in breid, dy’t har moai makke hat foar har man. 3Ik hearde in lûde stimme dy’t by de troane wei rôp: No is Gods wente by de minsken, Hy sil by harren wenje, hja sille syn folk wêze en God sels sil by harren wêze. 4Hysels sil harren alle triennen út ’e eagen feie, en de dea sil der net mear wêze, likemin as rouwe, gegûl of pine; want al it âlde is foarby. 5Doe sei Hy dy’t op ’e troane sit: No meitsje ik alles nij. En Hy ferfette: Skriuw it op, want dizze wurden binne betrouber en wier. 6Doe sei Er tsjin my: Se binne al neikommen. Ik bin de A en de O, it begjin en de ein. Dy’t toarst hat sil Ik foar neat út ’e boarne fan it libbenswetter drinke litte. 7Dat is it lean fan him dy’t oerwint, en Ik sil syn God en hy sil myn soan wêze.
* Liet 726: 1,3,4
1 Hark, in koar fan hillige stimmen
stiet dêr by de glêzen see.
Halleluja, halleluja,
God komt ear ta, sjonge sy.
Tûzentallen, net te tellen,
dy’t dêr as de stjerren stean,
sjonge psalmen, drage palmen,
yn ’e pronk fan wite klean.
3 Yn de stoarm dy’t oer har woede
wie de Heare har behâld.
Yn gefaar troch Him behoede,
rêstich yn in wylde wrâld.
Hune, finzen en ferfolge
op ’e flecht foar fjoer en swurd,
ha de hilligen triomfearre
yn de krêft fan Kristus’ wurd.
4 As oerwinners yn har Heare,
as beliders fan syn krús,
by har kening en har rêder
kamen hja behâlden thús.
Ien mei Him yn pine_en lijen,
yn syn dea te’n ûnder gien,
wurde se_út ’e dea wer libben
en foar ivich mei Him ien.
Ferkundiging
* Liet 513
1 God hat it earste wurd.
Hy spriek en liet foarhinne
it libbensljocht oerwinne,
noch altyd sprekt dat wurd.
2 God hat it earste wurd.
Foar’t wy op ierde kamen
rôp Hy ús al by namme,
noch altyd klinkt dat wurd.
3 God hat it lêste wurd.
Wat Hy fanâlds foarsein hat,
wurdt as de tiid in ein hat
oeral it lêste wurd.
4 God stiet oan it begjin,
Hy sil oan de_ein der wêze.
Syn wurd is fan ús wêzen
oarsprong en doel en sin.
Gebeden
Us Heit yn 'e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn 'e himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden
sa't ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan 'e kweade;
want jowes is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen.
Ynsammeling
* Liet 511: 5,6,7
5 Lit no de kearsen waarm en helder skine,
troch Jo ús jûn tsjin alle tsjustere macht,
jou, as it kin, dat wy inoar wer fine.
Wy witte ’t wol, jo ljocht skynt yn ’e nacht.
6 En falt de djippe stilte om ús hinne,
fan iensumheid en hopeleas fertriet,
wol ús dan jaan dat we_oeral hearre kinne
it lofliet dat rûnom oer de_ierde giet.
7 Troch goede machten trou en stil behoede,
is dit ús treast, wat moarn ek komme mei,
Gods hân sil ier en let ús gongen stjoere,
want Hy is mei ús elke nije dei.
Segen
|