PKN
Protestantse gemeente Augustinusga
 

zondag 14 december 2025 om 9:30

Augstinisttjerke
Voorganger(s): Ds. P. Beintema uit Dokkum

Foar de tsjinst: Liet 440: 1,2,3

 

1 Wês optein no, jim frommen,

der klinkt in bliid berjocht!

De yntocht stiet op kommen

fan Him dy’t wûnders docht.

Dy’t wachtsje op de Hear,

lit no fóár alle dingen

jim lûd hosanna klinke,

in lofliet ta syn ear.

 

2 Hâld moed, jim drôve herten,

Hy is al tichteby,

dy’t jim fan eangst en smerten,

fan al jim lêst befrijt.

Der waakst wer nije hoop:

Hy komt en neamt jim sines,

yn ’t wurd lit Hy him fine,

yn nachtmiel en yn doop.


3 Jim dy’t yn earmoed libje,

wês soargeleas as bern;

oan de_ein fan al jim stribjen

sill’ jim syn rykdom sjen.

Dy’t blommen pronkje lit

en alle fûgels spiizget,

sil ek syn bern bewize,

dat Hy har neden wit.

 

Wolkom

* Psalm 136: 1,2,3

1 Sjong foar God, de heechste Hear,

sjong syn goedens kear op kear!

Syn genede sûnder ein

hâldt ús de_iuwen troch oerein.

 

2 Sjong, want Hy en oars gjinien

hat ús grutte wûnders dien.

Syn genede sûnder ein

hâldt ús de_iuwen troch oerein.

 

3 Troch syn wiisheid en ferstân

skoep Hy himel, see en lân.

Syn genede sûnder ein

hâldt ús de_iuwen troch oerein.


 

Stilte, bemoediging, groetenis

Even wat oer de tsjinst

Blomskikking

* Psalm 136: 12, 15

12 Loovje Him dy’t om ús tocht,

ús yn ús fernedering socht.

Syn genede sûnder ein

hâldt ús de_iuwen troch oerein.

 

15 Tankje dan de Himelhear,

sjong syn goedens kear op kear!

Syn genede sûnder ein

hâldt ús de_iuwen troch oerein.

 

Gebed om ûntferming

* Liet 444

1 It daget yn it easten.

Hy komt, it ljocht allyk.

Hy sil de folken treaste

en ivich is syn ryk.

 

2 It tsjuster is ferjage

fan de_iuwenlange nacht.

No riist in nije dage,

in moarntiid fol fan pracht.

 

3 En al wa’t finzen sitte,

bedrige troch de dea,

fan God en mins ferlitten,

begroetsje_it moarntiidsread.

 

4 De ûnbetwingbere sinne,

dy’t ús de dage brocht

en sil de nacht oerwinne,

Hy, Kristus, ’t ivich ljocht!

 

5 It daget al yn ’t easten.

Hy komt, it ljocht allyk.

Hy sil de folken treaste

en ivich is syn ryk.
 

Gebed bij de iepening fan de Skriften

Skriftlêzing: I Samuël 3: 1-10

De jongfeint Samuël tsjinne de Heare ûnder Ely. No wie der yn dy dagen mar selden ien dy’t ris in iepenbiering fan de Heare krige: in fizioen kaam mar inkeldris foar.

2Op in dei hie Ely him deljûn op syn gewoane plak. De eagen begûnen him sa min te wurden, dat hy koe net mear sjen. 3Gods lampe wie noch net útgien en Samuël hie him deljûn yn ’e timpel fan de Heare, dêr’t Gods arke wie. 4Doe rôp de Heare Samuël en dy sei: Hjir bin ’k! 5Dêrop rûn er hastich nei Ely en sei: Hjir bin ’k al, want jo hawwe my roppen. Mar dy sei: Ik haw net roppen. Jou dy mar wer del. Doe gong er fuort en joech him del. 6Mar de Heare rôp Samuël op ’en nij. Samuël gong derôf, rûn nei Ely en sei: Hjir bin ’k al, want jo hawwe my roppen. Mar dy sei: Ik haw dy net roppen, myn jonge; jou dy mar wer del. 7No koe Samuël de Heare noch net út eigen ûnderfining en der wie him ek noch net in wurd fan de Heare iepenbiere.

8Mar de Heare rôp Samuël op ’en nij, no foar de tredde kear. Hy gong derôf, rûn nei Ely en sei: Hjir bin ’k al, want jo hawwe my roppen. Doe krige Ely foar it ferstân, dat de Heare de jongfeint rôp. 9Dat Ely sei tsjin Samuël: Gean hinne en jou dy del. En as Hy dy dan wer ropt, sis dan: Sprek, Heare, want jo tsjinstfeint harket. Doe gong Samuël fuort en joech him wer op syn plak del. 10Doe kaam de Heare, gong by him stean en rôp lykas de oare kearen: Samuël, Samuël! En Samuël sei: Sprek mar, want jo tsjinstfeint harket.

 

* Liet 439: 1, 3, 4

1 Ferwachtsje no jim Heare,

o minsken ried jim ta:

syn komst is net te kearen,

Hy wol in wente ha.

Hy komt en wifket net.

De Foarst dy’t God fersein hat

jout libben dat gjin ein hat,

wol tagong ta ús hert.

 

3 Dy’t op Him wachtsje_yn deemoed

binn’ by de Hear yn tel,

mar op in hert fol heechmoed

sjocht Hy yn grime del.

Dy’t tinke_om syn gebod,

har bidden wol Er leanje,

dan sil yn harren wenje

it heil, de Soan fan God.


4 Jou dat ik yn jo hoede

it rjochte wachtsjen lear

en dat ik troch jo goedens

mei langstme útsjoch, Hear.

Kom, wenje yn myn hert,

wol krêbe_en stâl ferlitte,

dan sil ’k Jo sûnder mjitte

lofsjonge ier en let.

 

Skriftlêzing: Matteüs 1: 3a, 5,6, 16, 18

 

Stambeam fan Jezus Kristus, soan fan David, soan fan Abraham.

3Juda de heit fan Peares en Searach – de mem wie Tamar –

5Salmon de heit fan Boäz – de mem wie Rachab –

Boäz fan Obed – de mem wie Ruth –

David wie de heit fan Salomo – de mem wie Oeria syn frou –

16Jakob de heit fan Joazef, de man fan Maria. Sy wie de mem fan Jezus, dy’t de Kristus neamd wurdt.

18Mei de berte fan Kristus gong it sa om en ta: doe’t syn mem Maria yn har breidstiid wie mei Joazef, die it bliken, dat Maria, noch foar’t se byinoar kommen wienen, in bern ferwachte troch it wurk fan de hillige Geast.

 

* Liet 157A

1 No sjong ik foar de Hear

it heechste liet fan ear.

Hy hat my ’t hert ferromme.

Syn tsjinstfaam, net yn tel,

seach Hy yn geunst op del:

my soe wat gruts oerkomme.

 

2 Fan no ôf, om wat Hy,

de sterke, die oan my,

sil elk my lokkich hjitte.

Geslachten foar en nei

fernimme nacht en dei:

God komt ús yn ’e mjitte.

 

3 Syn earm slacht út it fjild

wa’t him oan macht fertilt,

Hy sil syn kroan fertrêdzje;

God makket lytsen grut

en sil, nei ’t âlde wurd,

dy’t honger hawwe sêdzje.

 

4 Hy hat it lang foarsein:

oan Israel, syn feint,

sil Hy genede skinke,

en Hy sil Abraham

en al wa’t nei him kaam

yn ivichheid betinke.

 

Ferkundiging

 

* Liet 466: 1,2

1 O wiisheid, kom as rike taal!

It sied ferkwynt, de frucht wurdt skraal,

op ierde wint it kwea hurd oan,

de waansin fiert de boppetoan.

O kom, o kom, Immanuël!

Jou blidens oan jo Israel!

 

Adonai – Hear en master

2 O kom, ús master en ús Hear

en toan jo majesteit en ear.

Ferljochte wolk en rinnend fjoer,

sa giene Jo de ierde oer.

O kom, o kom, Immanuël!

Jou blidens oan jo Israel!

 

Gebeden

Ús Heit:

Us Heit yn 'e himel,

lit jo namme hillige wurde,

lit jo keninkryk komme,

lit jo wil dien wurde

op ierde likegoed as yn 'e himel.

Jou ús hjoed ús deistich brea

en ferjou ús ús skulden

sa't ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;

en lit ús net yn fersiking komme,

mar ferlos ús fan 'e kweade;

want jowes is it keninkryk

en de krêft

en de hearlikheid

oant yn ivichheid.

Amen.

 

Ynsammeling

* Liet 246B: 1,3,5

 

1 De moanne stiet te pronkjen

en ûnder stjergeflonker

leit de_ierde kalm en stil;

it reid stiet sêft te wiuwen

en as in wale driuwe

de wite dizen oer it fjild.

 

3 Wy sjogge út ús delte

de moanne foar de helte,

mar hy is suver rûn.

Wat wy as wierheid seagen

mei ús beheinde eagen

ferlear faak letter alle grûn.

 

5 Lit ús op Jo, Hear, bouwe,

net op ús each fertrouwe,

lit ús jo wierheid sjen.

Wol ús yn ienfâld liede,

dan libje wy op ierde

sa from en fleurich as de bern.

 

Segen

terug
 
 

Inloggen

Geen dienst op 11 januari 2026
datum en tijdstip 11-01-2026 om 9.30
meer details

 
Blijf op de hoogte

meer
 
Besloten gedeelte




  meer
 
Classis Fryslân, gemeente zijn kun je niet in je eentje.
meer
 
Contact gegevens

Adressen en telefoonnummers
 
 
Huur de kerk of 't Gebou


     
huur de kerk 0512-352425 (overdag) 0512-352353 (s'avonds)
huur het gebouw 06-53665098 Joop de Vries, beheerder
 
Like PKN Augustinusga

 op facebook!
 
 
Privacyverklaring

  meer
 
Filmpje Tsjerkepaad

 
 
  Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.