PKN
Protestantse gemeente Augustinusga
 

zondag 4 januari 2026 om 9.30

Augustinitsjerke
Voorganger(s): Beintema

Voor de dienst: Lied 474: 1, 4, 5 [ Looft God gij christenen]

* Lied 90a: 1,2,3 [O God die droeg ons…]

Stil gebed, bemoediging en groet
* Liet 511:1,2,3,4,7
1 Troch goede machten trou en stil behoede
fiel ik my treaste, wûnderlik en blier,
sa wol ik graach mei jim, myn leafsten, moedich
gean oer de drompel fan it nije jier.

2 Wol al it âlde noch ús hert ferniele,
en komt fertriet ek hjoed noch op ús ta,
o Hear, jou oan ús rêsteleaze sielen
it heil dat Jo foar ús ornearre ha.

3 En woll’ Jo ús de bittere beker skinke,
mei leed en lijen oant de râne fol,
dan nimme wy him tankber oan en tinke
oan wa’t Jo binne, goed en leafdefol.

4 Mar woll’ Jo ús noch ienkear freugde skinke
om dizze wrâld, it sinneljocht ús jûn,
dan sille wy wat eartiids wie oertinke,
dan hawwe wy by Jo ús eindoel fûn.

7 Troch goede machten trou en stil behoede,
is dit ús treast, wat moarn ek komme mei,
Gods hân si lier en let ús gongen stjoere,
want Hy is mei ús elke nije dei.


Gebed bij de Skriftlêzingen
Schriftlezing: Psalm 63 (NBV)

* Liet 601: 1,2
1 Ljocht dat ús ropt oerein te kommen,
foartidich ljocht yn de_iere moarn,
wy stean hjir iensum en ferklomme,
oerspiel ús, ljocht, en fjurje_ús oan.
Dat wy net yn it tsjuster falle,
swiermoedich, swak en sûnder nocht,
fan gjin genede witte wolle,
sa doelleas en fan nimmen socht.

2 Ljocht, fan myn stêd de stedehâlder,
oanhâldend en oerwinnend ljocht.
Myn Heite ljocht en steefêst skouder,
draach my, jo bern dat nei Jo sjocht.
Ljocht, bern yn my, sjoch út myn eagen
oft earne al in wrâld ferskynt
dêr’t minsken libje minskeweardich,
dêr’t elk yn frijheid frede fynt.

Skriftlêzing: Iepenbiering 11: 15-19
15Doe trompette de sânde ingel; en yn ’e himel begûnen lûde stimmen te roppen:
It keningskip oer de wrâld is fan ús Hear en syn Messias,
en Hy sil yn alle ivichheid kening wêze.
16En de fjouwerentweintich âldsten, dy’t foar God op har troanen sitte, lieten har foaroer falle mei de holle op ’e grûn en ferearen God 17mei de wurden:
Wy tankje Jo, Hear, Almachtige God,
dy’t is en dy’t wie,
dat Jo jo grutte macht oannommen hawwe en it keningskip oangien binne.
18De heidenen wienen lilk wurden,
mar no is jo tiid kommen om lilk te wurden
en de deaden te oardieljen,
en om jo feinten, de profeten, en de hilligen dy’t Jo foar eagen hâlde,
lyts en grut, har lean te jaan,
en om de lju dy’t de ierde ferdylgje wolle, sels te ferdylgjen.
19Doe gong de timpel fan God yn ’e himel iepen en de arke fan syn ferbûn wie te sjen yn syn timpel, en it begûn te wjerljochtsjen en lûd te tongerjen en der kaam in ierdbeving en in swiere hagelbui.

* Liet 769: 1,5,6
1 Skielk, as de bazunen klinke
oeral út de_ûneinichheid,
tûzenen jo eare skinke,
alle skepsel amen seit,
sil ús liet jo heil betinke, –
dan besljochtsje Jo it pleit.

5 Minske, bliuwt dy neat besparre,
tink, dizze_oere giet foarby,
ûnder jiske, lang bewarre,
slacht in gleone gloede_út dy,
want de Geast sil yn ús farre,
alle kreatuer wurdt nij.

6 Leit dy dei ek yn it tsjuster,
’t wurd fan God seit: haw gjin noed.
Lit ús, hoe it paad ek bjuster,
Him temjitte gean mei moed.
Jezus Kristus, hjoed en juster,
komt mei hasten, komt foargoed!

Overdenking

* Lied 513 [God heeft het eerste woord]

Gebeden

Collecte

* Lied 90a: 4,5,6 [En duizend jaar gaan….]

Zegen


 

terug
 
 

Inloggen

Geen dienst op 11 januari 2026
datum en tijdstip 11-01-2026 om 9.30
meer details

 
Blijf op de hoogte

meer
 
Besloten gedeelte




  meer
 
Classis Fryslân, gemeente zijn kun je niet in je eentje.
meer
 
Contact gegevens

Adressen en telefoonnummers
 
 
Huur de kerk of 't Gebou


     
huur de kerk 0512-352425 (overdag) 0512-352353 (s'avonds)
huur het gebouw 06-53665098 Joop de Vries, beheerder
 
Like PKN Augustinusga

 op facebook!
 
 
Privacyverklaring

  meer
 
Filmpje Tsjerkepaad

 
 
  Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.