|
Zondag 22 maart 2026
om 9:30
Tsjerkegebouw
Voorganger(s): Erwin Kooistra
Oargelspyljen
Tsjerkeried komt binnen en nimt plak
Liet foar de tsjinst – Ik bin der by (Sela) https://www.youtube.com/watch?v=lLZYErJTKk0
Wolkom en meidielingen – troch de amtsdrager fan tsjinst.
Voorbereiding.
Yntreeliet – NLB 868 fersen 1, 2 en 4 – Loovje de Hear, jou dy machtige kening de eare
Stil gebed, Bemoediging en groet
Liturgysk blomskikking
Gebed fan neierkommen
Leefregel: Mattéus 22:34-40 (NBV21)
34Doe’t de Fariseeërs hearden, dat Er de Sadduseeërs stil krige hie, kamen se byinoar. 35Ien fan harren, in wetgelearde, frege om Him te hifkjen: 36Master, wat is no it grutte gebod yn ’e Wet? 37Hy sei tsjin him: Do silst de Hear dyn God leafhawwe mei dyn hiele hert, dyn hiele siel en dyn hiele ferstân. 38Dat is it grutte en allerfernaamste gebod. 39En it twadde stiet dêr lyk mei: Do silst dyn neiste leafhawwe sast dysels leafhast. 40Dy beide geboaden hingje Wet en profeten hielendal fan ôf.
Liet: Hy is de Rots (Elly&Rikkert) – https://www.youtube.com/watch?v=xK4hkJksUMA&list=RDxK4hkJksUMA&start_radio=1
Tsjinst fan it wurd.
Gebed om de Hillige Geast
Skriftlêzing: Johannes 11 Nije Fryske Bibeloersetting (NFB)
Lezing: Johannes 11:1-6,11-15 (NFB)
1No wie der ien siik: Lazarus út Betanië, it doarp fan Maria en har suster Marta. 2Dat wie deselde Maria dy’t de Hear mei mirre salve hat en syn fuotten mei har hier ôfdroege hat; Lazarus, dy’t siik lei, wie har broer. 3En de susters stjoerden Him boadskip: O Hear, no is jo freon siik. 4Doe’t Jezus dat hearde, sei Er: Dy sykte rint net út op ’e dea, mar dy is ta Gods eare, dat de Soan fan God dêrtroch ferhearlike wurde mei. 5En Jezus hie Marta, mei har suster en mei Lazarus leaf. 6Mar doe’t Er heard hie, dat Lazarus siik wie, bleau Er dochs noch twa dagen op it plak dêr’t Er wie.
11Sa spriek Er en neitiid sei Er tsjin harren: Us freon Lazarus sliept; mar Ik gean dêrhinne om him wekker te meitsjen. 12Doe antwurden de learlingen: Hear, as er sliept, sil er wer better wurde. 13Jezus hie it hân oer syn dea; mar sij mienden, dat Er it oer gewoan sliepen hie. 14Doe sei Jezus planút tsjin harren: Lazarus is stoarn; 15en Ik bin bliid om jimme, dat Ik dêr op dat stuit net wie, want sadwaande sille jimme leauwe; mar lit ús nei him ta gean.
Liet – NLB 534 fers 1 – Hy dy’t de blinen ‘t ljocht wer joech
Lêzing: Johannes 11:17-27 (NFB)
17Doe’t Jezus dêr oankaam, die it Him bliken, dat Lazarus al trije dagen yn it grêf lein hie. 18No lei Betanië tichte by Jeruzalem, sa’n foech trije kilometer der ôf. 19Hiel wat Joaden wienen by Marta en Maria foar roubeklach fanwegen it ferstjerren fan har broer. 20Doe’t Marta dan hearde dat Jezus der oankaam, gong se Him yn ’e mjitte; mar Maria bleau yn ’e hûs sitten. 21En Marta sei tsjin Jezus: Hear, hienen Jo hjir mar west, dan wie myn broer net stoarn. 22Mar ek no noch wit ik, dat God Jo alles jaan sil dêr’t Jo Him om freegje. 23Jezus sei tsjin har: Jo broer sil ferrize! 24Marta antwurde: Ik wit wol, dat er ferrize sil, by de opstanning op ’e lêste dei. 25Jezus sei tsjin har: Ik bin de opstanning en it libben; dy’t yn My leaut, sil libje, ek al is er stoarn; 26en elk dy’t libbet en yn My leaut, sil yn der ivichheid net stjerre; leauwe jo dat? 27Marta antwurde: Ja Hear, ik bin der wis fan, dat Jo de Messias binne, de Soan fan God, dy’t yn ’e wrâld komme sil.
Liet – NLB 534 fers 2 Hy dy’t de lammen rinne liet
Lêzing: Johannes 11:28-36 (NFB)
28En doe’t se dat sein hie, gong se fuort om har suster Maria te roppen; súntsjes sei se tsjin har: De Master is der en Hy lit dy roppe. 29Maria kaam hastich oerein doe’t se dat hearde, en rûn nei Him ta; 30want Jezus wie it doarp noch net yngien, mar Hy stie noch op it plak dêr’t Marta Him temjitte kommen wie. 31Doe’t no de Joaden dy’t by har yn ’e hûs op roubeklach wienen, seagen, dat Maria ynienen oereinkaam en derút rûn, gongen se har achternei, fan gedachten, dat se nei it grêf ta soe om dêr te skriemen. 32Maria dan kaam op it plak dêr’t Jezus wie, en doe’t se Him seach, foel se foar Him op ’e knibbels, mei de wurden: Hear, hienen Jo hjir mar west, dan wie myn broer net stoarn.
33Doe’t Jezus seach, dat se skriemde en de Joaden dy’t mei har kommen wienen ek, fleach it Him oan en waard Er tige oandien. 34Hy sei: Wêr hawwe jimme him dellein? Se seinen tsjin Him: Kom mei Hear, en sjoch. 35De triennen kamen Jezus yn ’e eagen. 36Doe seinen de Joaden: Sjoch ris, hoe wiis Er mei him wie.
Liet – NLB 534 fers 3 – Hy dy’t de earmen iten joech
Lezing: Johannes 11:37-46 (NFB)
37Mar der wienen ek guon by, dy’t seinen: Hie Hy, dy’t de bline man it ljocht yn ’e eagen jûn hat, ek net keare kinnen, dat dizze man stoar? 38Doe fleach it Jezus wer oan en Hy rûn nei it grêf – dat wie in spelonk, en der lei in stien foar – 39en Hy sei: Helje dy stien derwei! Marta, de suster fan ’e ferstoarne, sei: O Hear, mar der is lucht by! It is no al de fjirde dei! 40Jezus sei tsjin har: Haw Ik jo net sein, dat jo de gloarje fan God sjen sille, as jo mar leauwe? 41Doe hellen se de stien derwei. Jezus sloech de eagen omheech en sei: Heit, Ik tankje Jo dat Jo nei My harke hawwe. 42Ik wist wol, dat Jo altyd nei My harkje; mar om it folk hjir om hinne, haw Ik dat sein, dat se leauwe meie, dat Jo My stjoerd hawwe. 43Nei dy wurden rôp Er withoe lûd: Lazarus, kom derút! 44En de ferstoarne kaam derút, syn hannen en fuotten yn wynsels bebûn; syn gesicht wie mei in switdoek omwuolle. Jezus sei tsjin harren: Meitsje him los en lit him fuortgean.
45Doe begûnen ferskate fan ’e Joaden, dy’t nei Maria tagien wienen en sjoen hienen wat Er dien hie, yn Him te leauwen; 46mar guon fan harren gongen nei de Fariseeërs en fertelden harren, wat Jezus dien hie.
Liet – NLB 534 fers 4 – Hy dy’t de dôven hearre liet
Preek
Liet – NLB 902 fersen 1, 2, 3 en 5 Stiet God mar oan myn side
Momint fan betinke
Liet: God fan fier en hein ús Heit
1. God fan fier en hein ús Heit,
dat wy hilligje jo namme,
ûnder ús sa faak ûntwijd,
troch jo eigen bern beskamme.
2. Bûch de folken nei jo wet,
lit jo ryk op ierde komme.
Byn jo wil ús op it hert
en wy sykhelje ferromme.
3. Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou wat wy misdiene,
sa’t ek wy ferjûn ha, Hear,
al dy’t skuldich foar ús stiene.
4. Lit oer ús gjin neare nacht,
lied ús net yn blyn begearen.
Binne wy yn duvels macht,
Hear, ferlos ús fan ‘e kweade.
5. God fan fier en hein ús Heit,
wûnder heimnis is jo namme,
grut yn krêft en hearlikheid,
oant yn alle tiden. Amen
Tsjinst fan’e gebeden.
Tank- en foarbea, stil gebed.
Ynsamling fan de jeften (tidens kollekte graach oargelspyljen)
Einliet. NLB 418 God, skink ús de moed – fersen 1, 2, 3 en 4.
Utstjoering en segen.
|