|
Zondag 13 september 2026
om 9.30
Augustinitsjerke
Voorganger(s): Beintema
Tekst(en): Fryske tsjinst
Foar de tsjinst: Liet 146 c: 1,3,7
1 Sjong foar de Heare dyn lof en eare,
sjong foar de Hear dyn heechste liet.
Neat kin op ierde myn sjongen keare:
’k wit fan syn leafde,_ek yn fertriet.
Hy skoep it libben, priizgje Him
elk dy’t Er azem joech en stim.
Halleluja! Halleluja!
3 Sillich, o sillich is dy’t allinne
de macht fan Jakobs God erkent.
Dy’t yn ’e hoede fan Kristus binne
sille syn treast en rêding sjen.
Hy is ús hoop en makket frij,
fan syn beskerming sjonge wy.
Halleluja! Halleluja!
7 Loovje de Hear, dy’t syn stim fernamen,
priizgje syn namme dei oan dei.
Rop dan wat libben hat mei-inoar amen,
dat alle wrâld it hearre mei.
Loovje dan, loovje aldermeast
de Heit, de Soan, de hillige Geast.
Halleluja! Halleluja!
-----------------------------------------------------------------------
Psalm 138: 1,4
1 Jo loovje_ik út myn hiele hert,
dat elk it heart, mei harp en tonge.
’k Wol by de goaden fan de wrâld
jo heech bewâld yn psalmen sjonge.
’k Sil, bûgd nei ’t hillich godsgebou,
jo leafde_en trou yn ’t liet betinke.
Jo litte, o grutmachtich Hear,
jo namme klear oer alles blinke.
4 Wannear’t it giet troch troch need en nacht,
dan sil jo macht myn libben sparje.
Jo trou sil my op ’t deadlik paad
tsjin fijâns haat foargoed bewarje.
De Hear folbringt syn wurk oan my,
Hy stiet my by, syn wil sil barre.
Jo leafde, God, hâldt ivich stân;
’t wurk fan jo hân lit dat net farre!
Stil gebed, bemoediging en groetenis
Pear wurden foarôf
Gebed om ûntferming
Liet 910
1 Bytiden as wy sjonge
wurdt alles ljocht en klear,
dêr’t earder dizen hongen,
fernimme wy de Hear.
Binn’ wy it paad soms bjuster,
Hy makket alles goed,
dy’t ús nei kjeld en tsjuster
in mylde maitiid stjoert.
2 Yn tankberens betinke
wy ’t heimnis fan ús Hear,
Hy woe syn heil ús skinke,
ús libben nimt in kear.
Us soargen binn’ fergetten,
wy groetsje bliid de dei,
de moarn sil ús neat lette,
wat hy ek bringe mei.
3 Hy dy’t mei pracht de blommen
beklaaide, soe Hy net
mei klean fanwegenkomme?
Hy wit fan ús ferlet.
Gjin skepsel wurdt fergetten,
Hy hâldt it al yn stân.
De fûgels fine fretten,
wy ite út syn hân.
4 Ek as gjin beam mear fruchten
ta rispjen drage soe,
de greide lei te suchtsjen,
om’t neat mear waakse woe,
dan noch soe God ús spiizgje,
syn goedens komt as rein.
’k Wol dei oan dei Him priizgje
en loovje sûnder ein.
Gebed by it iepenjen fn it Wurd
Skriftlêzing: Psalm 93
1De Heare is kening, klaaid mei majesteit,
de Heare hat himsels klaaid en útrist mei macht.
Hy hat de ierde fêstset, dat hja net wifket.
2Jo troan stiet fêst fan ’e âldste tiden ôf
en Josels hawwe der fan ’e ivichheid ôf west.
3De streamen hawwe, o Heare,
de streamen hawwe har lûd útset,
de streamen sette wer har brûzjen út,
4mar heech boppe it bolderjen fan it wetter,
boppe de machtige brâning fan de see,
is de Heare geweldich yn ’e hichte.
5Jo beloften binne troch en troch betrouber,
hillichheid past by jo hûs,
salang as der dagen binne, Heare.
Liet 942: 1,3
1 Ik stean foar Jo yn leechte en gemis,
frjemd is jo namme, tsjuster binn’ jo wegen.
Jo binn’ myn God, sûnt minskeheugenis –
dea is myn lot, ha Jo gjin oare segen?
Binn’ Jo de God by wa’t myn takomst is?
O Hear, ik leau, mar ’k bin dermei ferlegen.
3 Sprek Jo it wurd, myn hert ta treast en hâld,
dat my befrijt en opnimt yn jo frede.
Brek troch de dize fan myn lytse wrâld,
mei ’t kleare ljocht fan jo goedgeunstichheden.
Wês hjoed myn brea, it teken fan behâld.
Jo binn’ dochs sels de siel fan myn gebeden.
Skriftlêzing: Filipiërs 2: 5-11
Jimme moatte fan itselde betinken wêze as Kristus Jezus.
6Hy hie it stal fan God,
mar Hy hâlde der net mei alle macht oan fêst
om oan God gelyk te bliuwen.
7Nee, Hy hat ynstee Himsels priisjûn troch it stal fan in tsjinstfeint oan te nimmen
en oan de minsken gelyk te wurden.
Se befûnen dat Er yn syn hâlden
en dragen in minske wie.
8Hy hat Himsels fernedere,
mei’t Er reewillich folbrocht hat wat Him oplein wie oant yn ’e dea, de dea oan it krús.
9Dêrom hat God Him ek op it alderheechste plak set
en Him de namme skonken dy’t boppe alle oare útgiet,
10dat troch de namme fan Jezus elk yn ’e himel en op ’e ierde en ûnder de ierde de knibbels bûge soe,
11en God de Heit earje soe troch iepentlik te beliden:
Jezus Kristus is de Hear.
Liet 834
1 Wol my fernije, ivich ljocht,
jo antlit haw ik altyd socht,
jou dat ik yn jo mienskip diel,
werskep my, God, nei lea en siel.
2 Skep, God, in nije geast yn my,
in geast fan ljocht, fan sûnde frij,
dan sil ’k jo wurd en wil ferstean
en fleurich op jo wegen gean.
3 Wês Jo de sinne_yn myn bestean,
dan kin ik feilich fierder gean,
oant aanst de dei komt, ivich ljocht,
dat ik jo hearlik antlit sjoch.
Ferkundiging
Liet 840
1 Jo, myn Hear, sizze ‘kom’ en ik kom
want myn libben is ûnder de machten steld
fan de Hear dy’t myn dagen en nachten telt
en de Hear seit ‘kom’ en ik kom.
2 Jo, myn God, sizze ‘gean’ en ik gean,
ja, ik gean op jo wurd. Gean mei my op reis,
wês de geast om my hinne, it wurd yn myn fleis,
wês de azem dêr’t ik út ûntstean.
3 Want Josels komme, Hear, as ik rop.
Ik rop ‘kom’ en jo komme, jo bloed wurdt wyn
en jo lichem wurdt brea en myn honger ferdwynt
en Jo steane_as in liet yn my op.
Gebeden, stilte, Ús Heit
Us Heit yn de himel,
lit Jo namme hillige wurde,
lit Jo keninkryk komme,
lit Jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn`e himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa't ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan 'e kweade.
Want Jowes is it Keninkryk
En de krêft en de hearlikheid
Oant yn ivichheid.
Amen
Kollekte
Liet 419
1 Oeral wenje, gjin eigen plak,
ierde myn ierde, myn ûnderdak.
Fallende stjerren, de moanne in skym,
minsken gean moedich it libben yn.
Minsken, lok der mei!
2 Oeral wenje, gjin bliuwend plak,
hannel en wannel, mar gjin gerak.
Hâlden en kearen, in sober bestean,
weagje en winne en fierdergean.
Minsken, lok der mei!
3 Oeral wenje en hast teplak,
ierde myn himel, myn ûnderdak.
Rizende stjerren, de moanne sa klear,
minsken dy’t dreame_en in stim ferstean.
Minsken, lok der mei!
Segen
|