PKN
Protestantse gemeente Augustinusga
 
Maart 2020 - Ofskiedsstjinst Hindrik van der Meer Maart 2020 - Ofskiedsstjinst Hindrik van der Meer
Ofskiedsstjinst Hindrik van der Meer
m.m.v. Kwartettekoar
In sjongbondel foar Hindrik van der Meer
Yn septimber 2018 is muzykman Hindrik van der Meer oan syn ôfskiedstoernee begûn. Mar leafst 43 tsjerken reizget er bydel, om oeral noch ien kear lucht te blazen yn it fluitsje dat er altyd yn ’e bûse hat as dirigint. Oait rjochte Van der Meer it Kwartettekoar op, dat no al wer fyftjin jier mei him ûnderweis is. Hindrik hat de leeftyd fan hast 82 jier berikt en wurdt no traktearre op in mânske sjongbondel, mei lieten fan himsels en oaren. Op 27 jannewaris 2019 is yn de Anna Tsjerke fan Winsum Hertslach presintearre, 170 ‘lieten om it út te sjongen’, sa’t de ûndertitel seit. Dêr sit de jubel fan it libben yn, mar ek de oantrún om it fol te hâlden”. Sa beskriuwt Eppie Dam dizze nije lietenbondel.
It Kwartettekoar moast in ‘briedplak foar eigentiidske liturgy’ wurde, sei Van der Meer doe’t er yn 2005 in oprop die om lid te wurden. It sloech dalik oan en sûnt dy tiid wie it koar, mei leden rûnom wei út de provinsje, net meart fuort te tinken út ’e Fryske tsjerken. It Kwartettekoar hat ek de opdrachtjouwer foar de bondel west.
Yn earste oanlis soe it oanbod beheind bliuwe ta wurk fan Van der Meer sels, mar útjouwerij Intrada seach in moaie gelegenheid om tagelyk ek oare lieten oer it fuotljocht te bringen.
In fjouwerkoppige redaksje, besteande út Eppie Dam, Jan de Jong, Margryt Poortstra en Gerben van der Veen, bûgde him oer de seleksje út tritich jier geastlik repertoire. It resultaat hat in lieteboek fan 272 siden west, dêr’t Fryske sjongers fan alle leeftiden lange jierren mei foarút kinne.
Op 1 maart sjongt it koar foar de 31ste keer út Hertslach yn de Augustinitsjerke yn Stynsgea. It seit himsels dat elkenien dêrhinne kin. De komplete útfieringslist is te finen op de webside fan it Kwartettekoar.
 
terug
 
 
 

Inloggen

Augustinitsjerke
datum en tijdstip 28-04-2024 om 09:30
meer details

 
Blijf op de hoogte

meer
 
Besloten gedeelte




  meer
 
Classis Fryslân, gemeente zijn kun je niet in je eentje.
meer
 
Contact gegevens

Adressen en telefoonnummers
 
 
Huur de kerk of 't Gebou


     
huur de kerk 0512-352425 (overdag) 0512-352353 (s'avonds)
huur het gebouw 06-53665098 Joop de Vries, beheerder
 
Like PKN Augustinusga

 op facebook!
 
 
Privacyverklaring

  meer
 
Filmpje Tsjerkepaad

 
 
   
  Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.