|
|
November_2021 - Gedicht
November_2021 - Gedicht
gedicht
Sa't de klok de tiid weitikket
gean ús de dagen fan libjen foarby
yn dagen fan ljocht, mominten fan tsjuster
oeren fan hope en wiken fan missen
nea kriget grip op dat wat ús meinimt
elke sekonde, elk momint
Doar dêrom ek te fielen
dat wat op dyn paad komt
ûndergean de leafde dysto dêrop fynst
sykje dyn krêft yn striidzjen en soarchen
hâld dy fêst oan de wittenskip:
nei alle tsjuster wurd it wer ljocht
Libje de dagen as wiene it dyn lêsten
sjoch nei de dei en nei it momint
erfar wat is net fanút in finster fan juster
en likemin al yn de tinzen fan moarn
Hjoed libbesto dyn mominten
en foarmet dyn hert it ritme fan de tiid.
Jan van der Meer
| terug
|
|
|
|
|
|