PKN
Protestantse gemeente Augustinusga
 
September 2020 - Kwartettekoar September 2020 - Kwartettekoar
Oan de tsjerkemienskip fan Stiensgea

Op 1 maart fan dit jier, mear as trije moanne ferlyn, wie it Kwartettekoar by jim op besite. Wat ha wy dy dei noch songen mei alles wat der yn ús libbe oan hope en ferwachting, mar hoe gau dêrnei waard dêr it near op lein troch de wrâldwide koronakrisis. Yn de folle tsjerkeseal hâlden wy doe sûnder euvelmoed de lofsang geande. Ticht op elkoar plakt songen wy út folle boarst de nije lieten. Yn’e fierste fierte net betinkend dat twa wike letter sa’n feestlike tsjerketsjinst net mear mooglik wêze soe. De sneins dêrnei op 8 maart, yn Winsum wie it de lêste kear dat wy as Kwartettekoar mei ús muzikanten besochten mei nije Fryske teksten en lieten de tsjerkemienskippen te ynspirearjen mear te dwaan mei ús eigen moaie taal.

Op sneintemiddei 27 jannewaris 2019 ferskynde “Hertslach” yn in tige feestlike byienkomst. De bondel waard oan my útrikt troch provinsjaal classispredikant Wim Beekman. Tachtich fan de 170 lieten – ik wie 80 wurden - binne fan myn hân, meast op teksten fan Eppie Dam. Ek oare bekende dichters en muzikanten ha der oan meiwurke en sa waard “Hertslach” in klankryk gehiel mei eigentiids liturgysk materiaal. It binne lieten “om it út te sjongen”, sa as de ûndertitel oanjout. Stim jaan dus oan sawol de ljochte kanten fan it libben as oan de tsjustere. Ek tal fan boartlike lieten foar bern steane der yn. Doe’t ik witte liet mei it Kwartettekoar op hâlde te wollen, kaam it bestjoer mei it idee fan de bondel “Hertslach” en in ôfskiedstoernee. Dat de twadde printinge fan “Hertslach” al nedich wie, is hoopje wy, in teken dat ús krewearjen gehoar kriget!

De sjongers en muzikanten kinne langebaanriders neamd wurde,want se setten hast twa jier lyn de skouders ûnder dit inisjatyf en hâldden fol. Alle kearen wiene der wer genôch sjongers en muzikanten dy’t op sneintemoarn om goed acht oere fan fier en hein present wiene!

Wat meie jim grutsk wêze op jim prachtige âlde kleastertsjerke! Ik hie der noch noait yn west en de erfaring dy’t ik krige, doe’t ik troch de doar stapte, ferjit ik nea wer. It wie presys sa as Eppie Dam yn it liet seit:”Kâlde stien dy’t waarmte jout”. De romte nimt jin tagedien yn har op. It is suver in hillich stee mei in lange tradysje fan lêze, gebed en lofsang. “Giet skielk de gong der út of wurdt er opwurdearre?” haw ik ris dichte. “Soe’t doarp de wat fersliten tried oppakke kinne en nije kralen riuwe oan it âlde snoer?”
Foar ús wie it in feest om yn dizze romte te musisearjen en te sjongen. Wat wie dy hiele tsjerke in klankboerd, en wat liet dat klankboerd him hearre! Sawol de romte as de minsken!

Foar my krige eltse tsjerkemienskip ek wat bysûnders troch de moetings nei de tiid. Faak trof ik minsken dy’t mei oantinkings kamen fan soms wol in heale ieu ferlyn. Mei dêrtroch foelen
ûnderweis hiel wat “ljochtstrieltsjes” op ús paad. Ik sis mei sin
ús paad”, want Beitske, myn frou, wie der alle kearen by. Ek de sjongers en muzikanten hiene sokke moetings. Nei de fiering, ûnder de kofje, waard dan ek net allinne praat oer de liturgy, mar waarden ek herinneringen ophelle. It like bytiden wol in réuny. De besite oan jimme gemeente op 1 maart wie de 43ste keer dat wy yn Stiensgea belânen.

Net allinne de tsjerkemienskippen wiene hieltyd wer oars fan sfear, ek de tsjerken wiene foar ús as sjongers en muzikanten faak ûntdekkings. Wy krigen ûnderwilens o sa’n niget oan al dy gebouwen: “kâlde stien dy’t waarmte jout”. Wy seagen en fielden in histoarje fan ieuwen. Krekt as ús foarâlden besykje wy de lofsang geande te hâlden, mar dan mei in nije benadering.

Dizze oantrúntoernee wie foar my – en foar ús - in bysûndere manier om it byltsje der fleurich by del te lizzen. Mei grutte tank oan it Kwartettekoar fansels, mei it warbere bestjoer dat it organisearre. It idee fan in briedplak foar nije liturgy waard breed droegen en ûntfongen.

Wy hoopje en ferwachtsje dat ús krewearjen seadden oan’e dyk set hat yn de Fryske tsjerkemienskippen.

Tige tank en groetnis,
Hindrik van der Meer
 
terug
 
 
 

Inloggen

Augustinitsjerke
datum en tijdstip 28-04-2024 om 09:30
meer details

 
Blijf op de hoogte

meer
 
Besloten gedeelte




  meer
 
Classis Fryslân, gemeente zijn kun je niet in je eentje.
meer
 
Contact gegevens

Adressen en telefoonnummers
 
 
Huur de kerk of 't Gebou


     
huur de kerk 0512-352425 (overdag) 0512-352353 (s'avonds)
huur het gebouw 06-53665098 Joop de Vries, beheerder
 
Like PKN Augustinusga

 op facebook!
 
 
Privacyverklaring

  meer
 
Filmpje Tsjerkepaad

 
 
   
  Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.